Krystpakket mei Peaske

11 jan 2011 - 10:03

Op It Amelân krije guon frijwilligers fan 'e gemeente mei Peaske dochs noch in krystpakket. De gemeente hat om te besunigjen it útdielbelied feroare. Frijwilligers by de gemeente dy't ek fan 'e eigen wurkjouwer in krystpakket krije, hawwe gjin rjocht mear op in pakket fan 'e gemeente.

No docht bliken dat frijwilligers dy't gjin betelle baan hawwe ek gjin pakket krigen hawwe. De gemeente sil dy groep mei de Peaske no dochs noch in ferrassingspakket jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)