Krystpakket goedkeaper as oars

14 des 2010 - 12:02

Tûzenen Friezen krije dizze wike it jierlikse krystpakket. De bedriuwen dy't de pakketten meitsje, hawwe it smoardrok. De lêste pakketten wurde ynpakt en nei de bedriuwen ta brocht.

Wurkjouwers besteegje dit jier wat minder oan de krystpakketten as ferline jier. Yn trochsneed kostet in pakket no 45 euro. Ferline jier wie dat noch fyftich. In echte trend by de krystpakketten is duorsumens. Der sit fierders dit jier wer mear iten yn de pakketten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)