Krystpakket foar soarchbern

22 des 2012 - 12:18

Tritich gesinnen yn Fryslân mei de soarch fan in minderjierrich bern mei in slimme beheining wurde yn it sintsje set. Se krije in krystkado fan de Chiel-Thomas Stichting, dat bestiet út in fjoerkoer mei guod skonken troch bedriuwen. De stifting is ferline jier opset troch twa Ljouwerter echtpearen mei in ynvalide bern; Chiel en Thomas. Doel fan de stifting is om gesinnen mei sa'n bern te helpen it paad te finen nei de soarch dêr't ferlet fan is. Goede soarch is dreech yn dizze tiid fan besunigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)