Krystpakket foar de 2000 flechtlingen yn Fryslân

16 des 2015 - 20:44
  • Kommissaris fan de Kening Jorritsma ûntfangt flechtlingen

Alle 2000 flechtlingen dy't op dit stuit yn Fryslân wenje krije dizze moanne in krystpakket. De earste trije pakketten waarden woansdeitemiddei troch kommissaris fan de Kening John Jorritsma útdield oan trije flechtlingen yn it provinsjehûs.

De krystpakketten binne yn trije wiken tiid makke troch acht meiwurkers fan de koöperaasje Leeuwarden Unlimited. Se wiene earst fan doel om allinnich de 600 flechtlingen yn it WTC in pakket te jaan, mar de aksje waard al gau grutter. Amran Hassan út Syrië krige ek in pakket. Hy is der hiel wiis mei.

Jorritsma hâldt der rekken mei dat der takom jier noch wol sa'n 2500 flechtlingen bykomme kinne. Boppedat moat der ek nochris foar 1800 statushâlders in wenning socht wurde. In aksje - sa as mei de krystpakketten - is wichtich om de minsken it gefoel te jaan dat se wolkom binne, seit Jorritsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)