Krystmerk smyt 4000 euro op

13 des 2009 - 10:17

De krystmerk yn de Martinitsjerke fan Frjentsjer hat sneon hast 4000 euro opsmiten. Der kamen sawat 1000 besikers op de merk ôf. De opbringst giet nei it restauraasjefûns foar de Martinitsjerke.

Op dit stuit binne der noch gjin restauraasjes pland, mar de kommisje wol op termyn it ynterieur fan de tsjerke opknappe. Der binne ûnder oaren hiele âlde fresko's yn de tsjerke te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)