Krystkuier mei skiep ôfsein

27 des 2013 - 11:40

De tocht mei in skieppehoeder yn it Drents-Friese Wold giet freedtemiddei net troch. Neffens Steatsboskbehear is it troch it minne waar net ferantwurde.

De bedoeling wie om in hiele bysûndere krystkuier te meitsjen dwers troch it natoergebiet mei de skiep fan de hoeder. Der wie romte foar sa'n 25 minsken, mar mei troch it minne waar foel it oantal oanmeldings toch al bot ôf. Takom jier wol men it opnij besykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)