Krystingels sjongend troch MCL

25 des 2013 - 09:51

Pasjinten fan sikehûs MCL yn Ljouwert binne earste krystdei wekker wurden mei ferskes fan krystingels. It is in âlde tradysje yn it sikehûs. Meiwurkers en frijwilligers ferklaaie har as krystingeltsjes en meitsje de pasjinten al sjongend wekker. De tradysje hâldt al 80 jier oan en stamt noch út de tiid fan it Bonifatius Hospitaal yn de stêd. Dêr giene de nonnen al sjongend troch de gongen op earste krystdei. De krystingels wienen yn twa groepen aktyf fan healwei sânen oant acht oere moarns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)