Krystiepening is krúsjaal foar diskoteken Feu en Champino

18 nov 2015 - 13:48
  • Diskoteek Feu yn Drachten

De diskoteken Feu en Champino yn Drachten bliuwe wierskynlik definityf ticht as beide saken foar de feestdagen net iepen gean. De ynkomsten yn de drokste wiken fan it jier kinne net mist wurde. Dat seit eigener Van Bodegom. In wike lyn moasten beide saken de doarren slute neidat de gemeente Smellingerlân in hoarekafergunning wegere hie. De gemeente twifelet oan in suvere bedriuwsfiering, mooglik soe der ek krimineel jild omgean. Eigener Van Bodegom hat yntusken in nije oanfraach yntsjinne.

De gemeente Smellingerlân seit yn in reaksje dat it syn bêst docht, mar net garandearje kin dat der foar de feestdagen útslútsel is oer de fergunning. Soarchfâldichheid stiet foarop, sa lit wurdfierder Henry Frieswijk witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)