Krystdrokte by PTT

15 des 2000 - 18:13

It is topdrokte by de distribúsjesintra fan de PTT. Yn Fryslân allinnich binne al 350 ekstra minsken oan it wurk om alle kryst- en nijjierswinsken te sortearjen en te ferstjoeren.

Elkenien dy't oare post te ferstjoeren hat as krystkaarten, wurdt op it hert drukt om dy brieven net yn de bus te dwaan. Om op 'e tiid te kommen, kinne se better ôfjûn wurde oan it loket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)