Krystdoarp sammelt 21.000 euro

12 jan 2008 - 12:26
  • de bewenners wiene net sunich mei de ferljochting
  • de cheque foar it KWF kankerbestriding

It krystdoarp Wielenpôlle hat 21.000 euro opbrocht. De Ljouwerter wyk wie mei de feestdagen fersierd mei krystferljochting. Om dat te besjen, waard in bijdrage frege. Ek hawwe bewenners in cd opnommen.

Der is 6000 euro nei KiKa gien, de organisaasje Kinderen zonder Kanker. Goed 14.000 euro giet nei it KWF kankerbestriding. Freedtejûn waard it jild oerlange oan fertsjintwurdigers fan beide organisaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)