Krystbeammen op de Skrâns yn Ljouwert stellen en fernield

09 des 2015 - 12:18
  • By dizze lantearnepeal op de Skrâns soe in krystbeam stean moatte, mar dy is stellen

Noch ûnbekende minsken hawwe it foarsjoen op de krystbeammen yn de winkelstrjitte de Skrâns yn Ljouwert. Ien krystbeam is stellen en by oare krystbeammen binne spoaren fan fandalisme te sjen.

De stellerij foel woansdeitemoarn op doe't Greetje Schuurmans fan bakkerij Schuurmans seach dat de beam foar har winkel fuort wie. Dêrnei seach se dat ek oare krystbeammen bryk op de dyk stiene. De lêste jierren bart it wolris faker dat de krystfersiering op de Skrâns fernield wurdt.

600 euro oan krystbeammen

Ofrûne moandei binne op de Skrâns 50 krystbeammen pleatst. Se binne befêstige oan lantearnepeallen. Al jierren fersoarget winkeliersferiening De Schrans de krystfersiering op 'e Skrâns. De krystbeammen kostje 600 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)