Krystbeammen binne ophelle

08 jan 2003 - 00:00

Tûzenen krystbeammen binne woansdei ynsammele yn Ljouwert en omkriten. De gemeente Ljouwert hâldt jierliks in opromaksje. Sa hopet de gemeente te kearen dat beammen ferbrând wurde of ergens dumpt wurde. De bern holpen flink mei want se koenen wat winne.

De skoalle krige 45 eurosinten per beam. Mei elkoar hope de gemeente Ljouwert seistûzen krystbeammen op te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)