'Krystbeamferkeapsters' berôvje man nei babbeltrúk

14 des 2015 - 08:57
  • Stellerij

In bewenner fan de Easterein yn Garyp is sneintemiddei yn syn eigen hûs bestellen troch twa froulju. Se kamen binnen mei de fraach oft de man in krystbeam keapje woe. Doe't de froulju wer fuort wiene, miste de man in ring en jild.

Neffens de plysje giet it om 'getinte' froulju fan sa'n 30 oant 35 jier, mei heal lang, donker hier. Se rieden yn in bestelbus. Tsjûgen wurde frege om harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)