Kryst: Kuierje, meubels besjen

26 des 2013 - 15:25
  • Grutte ferkearsdrokte op de Wolvegeaster meubelbûlevaar
  • Ynskriuwe foar de snertkuier koe by de Spitkeet

Twadde krystdei is tradisjoneel it momint om der op út te gean, foar Friezen is dat net oars. Ien fan de bestimmings dy't heech skoart, is de meubelbûlevaar yn Wolvegea. Oan it begjin fan de middei begûn it al aardich drok te wurden. Der waarden ferkearsregelaars ynset om eltsenien in plakje te jaan, want de bêste plakjes wiene al gau beset. Net eltsenien kaam mei in nije oankeap de doar út, want in soad minsken kamen ek foaral om ien en oar te besjen.

Ek wiene der op ferskate plakken krystkuiers, lykas de snertkuier op De Harkema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)