Kruys giet nei De Graafschap

21 feb 2004 - 00:00

De eardere Cambuur-trainer Gert Kruys hat in kontrakt foar twa jier tekene mei De Graafschap. Kruys giet oan 'e ein fan dit seizoen by de club wei dêr't er no sit. Dat is FC Den Bosch.

Kruys hat sels it beslút nommen om fuort te gean, omdat er gjin takomst mear sjocht by Den Bosch. De 42-jierrige trainde de seleksje fan Den Bosch sûnt 2002. Dêrfoar wurke er fjouwer seizoenen lang as trainer by Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)