Krúspunt Vliet-Tunen oanpakt

03 okt 2007 - 11:09

It krúspunt fan de Vlietsterbrêge en de Tunen yn Ljouwert wurdt feiliger makke. Benammen foar fuotgongers en fytsers is de krusing op dit stuit net oersichtlik. Fanwege it grutte tal ûngemakken en ûngelokken op dit plak hat de gemeente besletten it krúspunt oan te pakken.

Der wurdt goed 2 ton ynvestearre yn twa feilige oerstekplakken. Op dy plakken kinne fytsers en fuotgongers tenei feilich de drokke diken oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)