Kruser yn brân yn Noardburgum

02 maaie 2009 - 17:41
  • Foto's: Aise van Beets

In kruser yn jachthaven Zwartkruis yn Noardburgum is sneontemiddei tsjin fiven yn 'e brân rekke, wylst de eigner oan it laskjen wie. De kruser lei yn de loads. Ien fan de kamping seach reek út de loads kommen en warskôge de eigner fan de jachthaven, dy't gau it skip út de loads ried.

Dêrtroch koe de brânwacht fan Burgum bûten de loads de brân yn de motorromte fan it skip útmeitsje. Der rekke nimmen ferwûne. It liket derop dat de skea beheind bleaun is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)