Krús op Oerol tsjin besuniging

24 jun 2011 - 10:57
  • Dûk as begjin fan de protestmars (foto: Harm Weistra)
  • It krús op it strân fan Skylge (foto: Harm Weistra)

Mear as 3500 minsken makken freed in grut krús op it Griene Strân op Skylge. It is in protestaksje tsjin de kultuerbesunigings. Ek is op it strân de tekst 'Mars der Beschaving' makke. Ut de loft wei binne bylden makke fan it protest. Nei de aksje sprongen guon minsken yn de see. Dizze symboalyske dûk nei Den Haach is de ôftraap fan in tal lanlike aksjes.

Sneintenacht begjint de Mars nei Den Haach dêr't de Twadde Keamer moandei oer de besunigings praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)