Kruiswijk traint wer mei

26 aug 2010 - 14:50

Hearrenfeanspiler Arnold Kruiswijk hat wer meitraind. Kruiswijk rekke 30 juny blessearre oan de knibbel en kaam dêrnei net mear yn aksje. Hy hie de earste wiken in soad pine, mar no giet it in stik better. It is noch net wis wannear't Kruiswijk syn earste wedstriid mei de beloften spylje sil.

In oare ferdediger, Milan Kopic, is op dit stuit yn Tsjechië. Kopic wurdt nije wike operearre om te sjen wêr't de knibbelklachten weikomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)