Kruiswijk nei Vitesse

19 maaie 2014 - 14:55

Arnold Kruiswijk spilet takom seizoen foar Vitesse. De 29-jierrige ferdigener komt transferfrij oer fan Sportklup Hearrenfean en tekenet in kontrakt fan trije jier. Dat hat Vitesse moandei bekend makke.

Kruiswijk spile dit jier 29 wedstriden foar Hearrenfean. Nei FC Groningen, Anderlecht, Roda JC en fjouwer jier SC Hearrenfean is Kruiswijk ta oan in nije útdaging. De ferdigener wol graach in stap omheech dwaan. Kruiswijk tinkt dat er by Vitesse in soad leare kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)