Kruis wint maraton yn Snits

22 jun 2014 - 00:21
  • De start fan de maraton by de Wetterpoarte yn Snits
  • Willem de Boer wie op de helte noch it rapste by de manlju
  • Peter Bruinsma kaam by de manlju as earste oer de einstreek
  • Doe't it tsjuster waard kamen der noch in soad hurddravers binnen

Ylona Kruis fan Ysbrechtum hat by de froulju de earste maraton fan Snits wûn. Nei 3 oeren, 14 minuten en 10 sekonden kaam Kruis mei oermacht as earste oer de finish. Wilma van Onna fan Rotterdam waard twadde op rom twa minuten efterstân.

By de manlju waard Peter Bruinsma fan Nijverdal de winner. Hy hie 2 oeren, 37 minuten en 27 sekonden nedich om oer de einstreek te kommen. Healweis lei Willem de Boer fan Eksmoarre noch foarop, mar hy moast opjaan mei in blessuere. Twadde waard Stefan van der Pols en it tredde plakje wie foar Douwe Nauta.

It wie foar it earst dat de maraton yn Snits organisearre waard. Om 19.00 oere begûnen 1500 hurddravers yn Terkaple oan de 21 kilometer. De oare hurddravers startten by de Wetterpoarte yn Snits oan de maraton fan 42 kilometer. Oant en mei 23.59 oere koene se oer de finish komme yn Snits. Fan 22.30 oere ôf wie it foar de hurddravers ferplicht om mei in lampke op de holle te rinnen. Dat soarge foar sfearfolle plaatsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)