Kruiend iis lûkt soad folk

27 jan 2013 - 16:00
  • kruiend iis
  • kruiend iis by starum
  • kruiend iis by starum
  • kruiend iis by starum

It kruiend iis by Starum hat sneintemiddei tal fan hûnderten belangstellenden lutsen. Bern en folwoeksenen rûnen troch de skossen iis. Op guon plakken hawwe de iisblokken by de Iselmarkust in hichte fan in pear meter.

Kruiend iis ûntstiet troch teiwaar en krêftige wyn. De iisplaten op 'e Iselmar brekke dêrtroch en wurde op elkoar treaun, wêrnei't it iis rjochting de kust skoot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)