Krûd K'waard wurdt ferneatige

29 jul 2009 - 09:39
  • It krûd wurdt ferneatige

It krûd dat earder fûn waard yn de Kollumerwaard, wurdt de kommende dagen fuorthelle. It krûd waard yn juny op it eardere terrein fan Muiden Chemie fûn. It giet om twa amers mei 'dummys' dy't brûkt waarden foar it meitsjen fan wapens.

De amers binne yn in kontainer ûnder wetter set en dêrtroch ûnbrûkber. It guod wurdt op in plak ferneatige. De gemeente tocht dat al it krûd fan it fabryk jierren lyn opromme wie. Sûnt de fynst wurdt it terrein befeilige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)