Kroon sakket 3 plakken op WK

24 feb 2007 - 12:17
  • Ingeborg Kroon, hjir op argyffoto fan Martin de Jong

Reedrydster Ingeborg Kroon fan Snits is njoggende wurden op de 1000 meter op it Wrâld Kampioenskip Allround yn Innsbruck. Se ried sa'n fjouwer en in heal sekonde stadiger as de winnares Noh. Troch dizze útslach is Kroon trije plakken sakke fan it fjirde nei in sânde plak. Sneontemiddei is de ôfslúttende 3000 meter.

Sjoerd de Vries fan Twellingea is by de manlju nei twa ôfstannen twadde. Sneon binne de lêste twa ôfstânnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)