Kromkamp ploechlieder Leontien

26 sep 2009 - 15:37
  • Jan Eise Kromkamp

Reedrider Jan Eise Kromkamp begjint dit wykein mei syn nije baan as ploechlieder fan de reedrydfroulju fan Leontien.nl. Kromkamp hat in soad kennis en rûtine, dêr't de reedrydsters fan profitearje kinne.

Neffens teammanager Michael Zijlaard makket er it team kompleet. De plysjeresjersjeur ried njoggentjin jier yn it A-peloton. Tusken 1984 en 2003 wûn er 3 maratons op keunstiis, de 200 km op de Rottemeren en de klassiker op de Loosdrechtse Plassen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)