Krol wint Ronde van Groningen

14 mrt 2004 - 00:00

De Ronde van Grins, de earste hurdfytswedstriid dy't meitelt foar de klupkompetysje, is sneon wûn troch Bastiaan Krol fan Oldenzaal. Sierd Steigenga fan Eksmoarre, lid fan hurdfytsferiening Otto Ebbens, wie op it sânde plak de bêste Fries.

Sipke Zylstra fan Burgum waard alfde. Der hie foar Zylstra lykwols mear ynsitten, mar de Burgumer kaam yn 'e lêste kilometers te fallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)