Krol: Ryk knypt gemeenten ôf

13 sep 2004 - 22:21

It Ryk moat ris ophâlde mei it hieltyd ôfknipen fan gemeenten. Dat sei wethâlder Krol fan 'e gemeente Ljouwert by de presintaasje fan de besunigingsplannen oer 2005. CDA'er Krol hat dêrmei krityk op it lanlike belied fan syn eigen partij.

Ljouwert moat takom jier mei 2,5 miljoen euro minder ta. Foar dit jier jildt der noch in besuniging fan 5,5 miljoen euro. Ljouwert wegeret te besunigjen op de sport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)