Krol kontrolearret rotondes

23 nov 2007 - 15:33
  • It foel Krol net ta om sels in frachtwein te bestjoeren

De Ljouwerter wethâlder Krol hat freed yn in frachwein de rotondes yn it sintrum fan syn stêd kontrolearre. Krol die dat op útnoeging fan in frachtweinrydskoalle. Dy fynt de nije regels op de rotondes gefaarlik.

Sûnt koart hawwe fytsers foarrang op de rotondes yn de binnestêd fan Ljouwert. Doel fan de tocht wie Krol sjen te litten dat dy fytsers faak net te sjen binne. It foel Krol net ta om sels in frachtwein te bestjoeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)