Krol begrypt krityk bou net

08 mrt 2010 - 15:01
  • Neffens wethâlder Krol wurdt der flink boud yn Ljouwert

Wethâlder Gerrit Krol fan de gemeente Ljouwert begrypt neat fan de krityk fan Bouwend Nederland op de gemeenten. De belange-organisaasje foar de bou fynt dat de gemeenten yn Noard-Nederlân op dit stuit net genôch jild ynvestearje yn bouprojekten om de ekonomy wer op gong te krijen.

Sa soe noch mar tsien persint fan it jild, dat ferline jier tasein is, foar bouprojekten ynsetten wêze. Neffens Krol is dat net sa. Benammen yn Ljouwert wurdt der flink boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)