Kroes sil 12.000 kilometer fytse

13 apr 2003 - 00:00

Alvestêdefoarsitter Henk Kroes hat sneon de Alvestêdetocht fytst as trainingsritsje. Kroes moat kilometers meitsje om him ta te rieden op de grutte sponsorfytstocht Vladivostok-Skeveningen dy't er de kommende simmer ride sil, in ôfstân fan 12.000 kilometer.

Kroes sil mei noch 25 oare minsken fytse foar in projekt tsjin polio. De Alvestêdetocht fan goed 200 kilometer wie sneon in earste opwaarmerke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)