Kroes op BBC Worldservice

19 jul 2000 - 13:23

Under it motto 'Friesland, not just cows and clogs' jout de BBC de kommende dagen omtinken oan Simmer 2000. Foarsitter Kroes komt woansdei oan it wurd yn it radioprogramma Europe Today.

Op TV-stjoerder BBC-World is tongersdei alle oeren de reportaazje te sjen dy't de BBC makke op de dei fan de Slachtemaraton. BBC-reporter Shirin Wheeler spruts mei emigranten en oare Friezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)