Kroegen ticht, minder oerlêst

24 nov 2006 - 11:44

De nije strangere slutingstiden foar de horeka yn Kollumerlân dogge fertuten. It tal meldings fan oerlêst en fernielings yn de wykeinen is mei de helte weromrûn.

Kommersjele horeka mei nei trije oere gjin minsken mear talitte. Tusken 5 en 7 oere moarns meie der hielendal gjin minsken yn 'e saak wêze. Kafee-eigners protestearden earst fûl tsjin dit belied. Boargemaster Bilker wit dat net elkenien tefreden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)