Kroegen net brângefaarlik

23 des 2001 - 00:00

De Ljouwerter kroechbazen ha dit jier goed tocht om de brânfeilichheid fan 'e krystfersiering. De brânwacht hat by kontrôles yn 45 kroegen oant no ta gjin gefaarlik guod oantroffen. Neffens de brânwacht ha kafeebazen minder fersiering ophongen as ferline jier. De krysttûken binne ympregnearre en brânwerend.

Ek de Snitser kroegen binne troch de brânwacht kontrolearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)