Kroech fan Boyl wurdt ûnderdiel fan it doarpshûs

30 okt 2015 - 09:58
  • Boyl

It leechsteande kafee yn Boyl wurdt ûnderdiel fan it doarpshûs, mei in jeugdsoas, ytkafee of snackbar. Dat is de útkomst fan in enkête ûnder de ynwenners. It kafee stiet al trije jier leech om't der gjin nije útbater fûn wurde koe.

De herfoarme tsjerke hat it gebou dêrom kocht om der tegearre mei doarpsbelang foar te soargjen dat it gebou in nije funksje krijt. Om't it kafee tsjin it doarpshûs oan stiet, is it neffens doarpsbelang logysk om de beide gebouwen by mekoar te lûken.

Der hawwe har neffens Geert Pijlman fan doarpsbelang al in soad frijwilligers oanmeld. It gebou moat noch foar de ein fan dit jier wer iepen wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)