Kroanprins yn Ljouwert

17 feb 2012 - 12:26

Hege besite freedtemoarn op it Fliet yn Ljouwert. Kroanprins Willem Alexander brocht in ferrassingsbesite oan multyfunksjoneel sintrum De Verbinding. Hy wie der om te praten oer projekten dy't se yn it ramt fan manljusemansipaasje útfiere.

Mei de besite oan Ljouwert is ek dúdlik wêrom't de keninklike auto ferline wike sjoen waard yn de Fryske haadstêd. De sjauffeur fan 'e kroanprins wie doe op foarferkenning foar de wurkbesite. De prins hie de redens al út it fet helle foar in mooglike Alvestêdetocht, sei er freed yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)