Kroanprins nei Fryslân

28 aug 2004 - 11:56

Kroanprins Willem-Alexander komt 16 septimber nei Ljouwert. Hy sil dan de iepening fan wetterûndersyksynstitút Wetsus bywenje. It ynstitút rjochtet him op de ûntwikkeling fan nije technology foar duorsum wettergebrûk.

De prins komt yn syn funksje as foarsitter fan de advyskommisje wetter. Earder waard al bekend dat keninginne Beatrix op 28 septimber, en prinses Margriet op 14 oktober nei Fryslân komme foar in iepening

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)