Kroanprins ek yn Fryslân

31 maaie 2011 - 12:30
  • Willem-Alexander by Seniorweb (foto Omrop Fryslân)

Prins Willem-Alexander wie tiisdei yn Fryslân. Hy besocht in kursus fan SeniorWeb yn it ferpleechhûs yn Easterwâlde. SeniorWeb helpt âlderein mei de kompjûter en ynternet. De prins wie der om't er lid is fan de advysried fan in platfoarm foar de ynformaasjemaatskippij. Syn besite wie geheim hâlden, der wie net folle parse by. De njoggen kursisten hiene tiisdei har lêste les en krigen in diploma.

Prinsesse Máxima wie tiisdei ek yn de provinsje. Se wie yn Oerterp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)