Kroanappels net nei Fryslân

18 apr 2013 - 20:12
  • Kroonappels fan it Oranjefûns

De trije Fryske finalisten foar de Kroanappels fan it Oranjefûns binne tongersdei by de lanlike ferkiezings net yn de prizen fallen. Der wiene trije kategoryen: jongerein, buert en helpende hân. Foar Fryslân wiene nominearre: in jongereinprojekt fan Het Buro yn Ljouwert, MindUp Ljouwert mei in projekt foar psychiatryske pasjinten en stichting ZAZAzorg op De Gordyk foar help oan gesinnen mei in bern dat earnstich siik is.

De prizen binne foar inisjativen út Goeree-Overflakkee, Den Haach en Middelburg. Se krije 50.000 euro en in brûnzen byldsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)