Kroade fol mei jild oanbean

19 nov 2001 - 00:00

By de bank sil se wol opsjoen hawwe. Jan Braaksma fan Frjentsjer kaam moandei oansetten mei in kroade fol mei munten. Hy woe it jild noch ynleverje ear't it fanwege de euro net mear brûkber is.

Braaksma hie sa'n slompe lytsjild, hûndert kilo, dat de telmasine ferskate kearen tsjinst wegere. Braaksma hat de munten fyftjin jier lang sammele as sparjild foar de bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)