Kroaat Rados nei Hearrenfean

03 feb 2009 - 15:07

Sportklub_Hearrenfean hat him fersterke mei de Kroatyske spiler Mislav_Rados. De oanfallende middenfjilder krijt oant de simmer de kâns om him te bewizen. Rados is fiere famylje fan Danijel Pranjic. Hy hat it 21-jierrige talint dan ek op it spoar brocht by Hearrenfean.

Rados spile ûnder oare yn de jeugdoplieding fan Bayern Munchen. Hy komt no oer fan tredde divyzjonist SV Ulm út Dútslan. By dy klub spilet ek âld-Hearrenfeanspiler Onwuzuruike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)