Krityske fragen oer nije ynrjochting Ferlingde Skrâns

19 jan 2016 - 23:02
  • Ien fan de plannen

Sawat sechtich omwenners fan de Ferlingde Skrans yn Ljouwert stelden tiisdei krityske fragen op in ynformaasjejûn fan de gemeente Ljouwert oer de werynrjochting fan harren strjitte. Om't it asfalt der min oan ta is en de rûte wichtiger wurden is foar fytsers as foar auto's, presintearre de gemeente trije farianten fan werynrjochting.

Der is sjoen nei it feiliger meitsjen fan de rûte foar fytsers, it ferminderjen fan de snelheid fan it autoferkear en mear grien. It súdlike diel tusken de Ferdinand Bolstrjitte en de Badwei wurdt 30 km-sône.

De oanwêzigen koene in fragelist ynfolje. Oan de hân dêrfan bepaalt de gemeente út de reaksjes de foarkarsfariant dy't se fierder útwurkje sil. In tal bewenners kaam mei in eigen fariant dy't meinaam wurdt yn it beslút. Dy fariant hie de gemeente earder falle litten omdat it djoer wie. Letter komt der ek noch in ynrinjûn foar de útfiering fan it wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)