Krityske brief foar Dijksma oer fiskerij op de Iselmar

12 maaie 2015 - 21:56
  • Fiskers op de Iselmar

It tal beropsfiskers op de Iselmar moat drastysk werombrocht wurde. Dat fine alteast sportfiskers en natuerorganisaasjes. Sy binne net tefreden oer de fangstbeheinings sa't dy foarich jier ôfsprutsen binne.

Yn in brief oan steatssekretaris Sharon Dijksma skriuwe Sportvisserij Nederland, Vogelbescherming Nederland en natuerstichting Het Blauwe Hart dat de fiskstân yn de Iselmar noch altyd te leech is. De trije organisaasjes wolle dat it tal profesjonele fiskerijbedriuwen yn de Iselmar werom brocht wurdt fan 70 nei maksimaal 10.

Fierder fine se dat de steatssekretaris in te posityf byld sketst fan de fiskstân yn de Iselmar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)