Krityk VVD op kultuerplannen

05 des 2007 - 10:00

Wethâlder Van den Broek fan Snits moat syn politike takomst ferbine oan de nijbou fan it kultureel kwartier yn Snits. As de kosten heger útfalle as it earder fêststelde maksimum fan 25 miljoen moat de wethâlder opstappe.

VVD'er Jelle Hiemstra sei dit tiisdei yn de riedskommisje. De soargen fan Hiemstra oer de hegere boukosten waarden dield troch oare partijen, mar de oprop oan wethâlder Van den Broek net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)