Krityk út ûndernimmingsried

20 des 2013 - 16:08
  • Stadion SC Hearrenfean

De ûndernimmingsried fan SC Hearrenfean is teloarsteld yn de wize wêrop it nije sânkoppige bestjoer fan de fuotbalklup ta stân kaam is. Neffens de ried is der by it selektearjen fan de kandidaten ôfwykt fan de foarstelde portefúljeferdieling sa't dy yn it ûndersyksrapport 'Vaessen/Koopmans' beskreaun is.

Boppedat fynt de ûndernimmingsried dat it stiftingsbestjoer der net yn slagge is om mear ferbining te kreëarjen tusken alle belutsenen by de klup. Nettsjinsteande de krityk leit de ried him lykwols del by it beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)