Krityk supporters op Cambuur

21 feb 2009 - 11:49

De supportersklup fan SC_Cambuur, Kearn fan Cambuur, hat foarse krityk op it Cambuur-bestjoer. Yn in stik dat se dizze wike nei Cambuur stjoerd ha sette se fraachtekens by de wize wêrop't stadionferboden útdield wurde.

Boppedat fine se dat by útwedstriden te faak in buskombi oplein wurdt. Dat bestjut dat supporters ferplichte wurde om mei de bus útwedstriden te besykjen. It bestjoer fan Cambuur is dwaande mei in skriftlike reaksje op it stik fan de supporters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)