Krityk Súdwest koälysjeakkoart

04 maaie 2011 - 11:35

Súdwest Fryslân fynt dat de provinsje de krimp net allinnich yn de doarpen, mar ek yn de stêden oanpakke moat. Dêr moat oandacht en jild foar wêze. Dat sizze se yn reaksje op it koälysje-akkoart fan deputearre steaten. It Fryske Marreprojekt moat ek breder as sa't it no op papier stiet.

Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest Fryslân hat dat yn in earste reaksje op it akkoart sein. Provinsje en gemeenten prate meikoarten oer it akkoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)