Krityk Stellingwerven op Ryk

10 jan 2012 - 21:31

De boargemasters fan de Stellingwerven fine dat it regear yn Den Haach tefolle taken by de gemeenten delleit en dêrfoar te min middels beskikber stelt. Los fan inoar helje se yn harren nijjierstaspraak út nei polityk Den Haach. Foar Harry Oosterman fan Eaststellingwerf is ien fan meast treffende foarbylden de ynfiering fan de Animal Cops. Yn de tiid dat gemeenten mear ferantwurdlik wurde foar de feilichheid fynt hy it ûnbegryplik dat der jild giet nei Animal Cops. Boargemaster Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf stipet Oosterman yn syn krityk.

Ek hy fynt dat it regear tefolle taken by de gemeente en provinsje delleit. Hy hat problemen mei de wurkwize fan steatssekretaris Henk Bleker. Troch Bleker syn beleid wurdt de Rottige Meenthe gjin nasjonaal park.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)