Krityk steaten op guozzebelied

10 apr 2013 - 19:50
  • Guozzen

De Fryske steaten binne kritysk oer it nije guozzebelied fan de provinsje. It CDA, de VVD en de ChristenUnie fine dat it nije belied net fier genôch giet en dat it te lang ûndúdlik bliuwt hoe't boeren jild krije foar de opfang fan guozzen yn harren lân.

It nije belied is bouwt op in lânlik akkoart tusken boeren, natuerorganisaasjes en alle provinsjes. Winterguozzen wurde beskerme en guozzen dy't it hiele jier hjir ferbliuwe en briede, wurde oanpakt.

Neffens deputearre Johannes Kramer is de nije oanpak nedich om wat te dwaan oan de skea dy't boeren ha troch de guozzen. Kramer is kritysk oer de druk fan boere-organisaasje LTO Noord dy't wol dat der folle rapper aksje ûndernaam wurdt tsjin de guozzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)