Krityk Ozontandzorg Snits

10 maaie 2007 - 22:38

De lanlike feriening tsjin kwaksalverij warskôget minsken tsjin it toskebehannelsintrum Ozontandzorg yn Snits, omdat dy beloftes docht dy't net nei te kommen binne.

By it sintrum wurkje se mei Ozon, in stofke dat normaal sprutsen ek yn de loft sit. Troch mei in hege konsintraasje Ozon oer de tosken te gean, soene bygelyks seare kiezzen pynleas te behanneljen wêze. Dat is neffens de feriening net wier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)