Krityk op ypwacht

08 jul 2003 - 00:00

Gemeenten sizze massaal it fertrouwen yn 'e ypwacht op. Hast in fjirde part fan 'e Fryske gemeenten hat it lidmaatskip op 'e kontrôle-ynstânsje opsein. It is te djoer en de risseltaten falle ôf.

Neffens koördinator Bentum fan 'e ypwacht hat de bestriding de lêste jierren wol wurke, mar hat it mear tiid nedich. De ypwacht kontrollearret oft de beammen de gefaarlike ypsykte hawwe. Se moatte dan daliks kapt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)